
Documentaire Ferbûn vanaf twee februari te zien via YouTube
February 2, 2026
5 jannewaris belibben wy in bysûnder momint. Yn De Bios yn Drachten gie dy jûns de dokumintêre Ferbûn feestlik yn premjêre. It gie om in besletten fertoaning foar likernôch 145 útnûge gasten, kompleet mei in readelopermomint.
De dokumintêre folget de organisaasje yn ’e lêste 100 dagen rjochting Brêgepop Festival 2025, de tsiende edysje fan it festival. De kamera sjocht mei by de yntinsive tariedingen en sjocht tuskentroch werom op ’e hichtepunten út ’e ôfrûne tsien edysjes.
Makker Job Pijlman is al jierren nau belutsen by Brêgepop en makket diel út fan it mediateam. It idee foar de film ûntstie goed oardel jier lyn, fanút de winsk om de frijwilligers op passende wize te betankjen. Ferbûn draait dan ek net sasear om it festival sels, mar benammen om ’e minsken achter de skermen en de sterke ferbûnens binnen de organisaasje.
Goed nijs foar elkenien dy’t de premjêre mist hat: de dokumintêre Ferbûn is fan 2 febrewaris ôf beskikber fia YouTube. Sa kin elkenien meisjen mei it ferhaal achter Brêgepop en de minsken dy’t it festival mooglik meitsje.























