Kaartfragen
De kaartferkeap begjint op 22 desimber 2025! Skoar fan dan ôf dyn kaarten foar Bregepop Festival 2026 fia de kaartknop boppe-oan dizze website.
Tink derom! Allinne foar snein 12 april jildt dat bern oant 12 jier fergees tagong hawwe! Se hawwe wol in spesjale (fergese) bernekaart nedich, dy't te krijen is yn ús kaartwinkel. By de yngong wurdt de leeftiid kontrolearre.
Gjin probleem! Do kinst dyn kaarten maklik en fluch weromfine op https://weeztix.com/search. Komsto der net út, dan kinsto ús in e-mail stjoere fia info@bregepop.nl
It is foar ús ûnmooglik om kaarten oer te setten nei in oare dei. Wy riede dy oan om dyn kaarten fia Ticketswap oan te bieden.
It personalisearjen fan yngongskaarten sjogge wy as in kar en net as needsaak. Wolsto dyn kaart dus trochferkeapje oan in oar, mar stiet dyn namme noch op dizze kaart? Gjin probleem! Hasto in kaart wêr't net de goede namme op stiet? Ek dat is gjin probleem!
Brêgepop wurket sûnt in pear jier gear mei Eventix.
Foar al dyn fragen oer kaarten mailsto dan ek nei tickets@eventix.nl.
Festivalynfo
Brêgepop Festival 2026 wurdt hâlden op 10, 11 & 12 april 2026.
Freed: 16.00 - 02.00 (01.00 oere - ein muzyk)
Sneon: 15.00 - 02.00 (01.00 oere - ein muzyk)
Snein: 14.00 - 22.00 (21.00 oere - ein muzyk)
Besjoch de line-up hjir!
Besjoch de tiidskema's hjir!
De plattegrûn komt in pear wiken foar it festival.
Brêgepop Festival hat gjin minimumleeftiid. Elkenien is by ús wolkom! Wol moat elkenien ûnder de 16 jier begelaat wurde troch in folwoeksene (18+). It festival is net spesifyk ynrjochte foar bern. Wy riede it dan ek ôf om mei (lytse) bern nei Brêgepop te kommen. Op snein 12 april is it terrein oars ynrjochte en is der ek spesjaal oan ús lytste besikers tocht!
Der is genôch fergees parkearplak tichtby it festivalterrein. Folgje de buorden en de oanwizings fan de ferkearsregelers en it komt allegear goed. Navigearje nei Hollandiastraat 118, Skarsterbrêge (Scharsterbrug).
Op Brêgepop binne lockers oanwêzich! Reservearje alfêst dyn locker fia dizze keppeling
Super dat'sto nei ús moaie festival komst! Fansels binne der in pear regels. Binnenkommen betsjut akkoard gean mei ús algemiene betingsten.
Brêgepop is altyd op syk nei in tal entûsjaste frijwilligers! Wolsto mei ús in sukses meitsje fan Brêgepop? Jou dy dan no op fia dizze keppeling.
Foar it oanfreegjen fan in parse-akkreditaasje kinsto maile nei info@bregepop.nl. Wy nimme dit fersyk dan yn behanneling.
Ûs munten binne it hiele wykein jildich! Keapsto bygelyks munten op freed, dan kinsto se ek op sneon brûke! Wy akseptearje lykwols allinne munten fan 2026. Munten fan eardere edysjes kinne net ynlevere wurde. Der kin ek pinne wurde oan de bar.
Yn de EHBO-romte tichtby de Livestage is der in mooglikheid om te kolven, ynklusyf de mooglikheid om de molke koel te bewarjen. Der is streamend wetter oanwêzich en ús EHBO helpt dy graach mei al dyn fragen.
Alkohol is op Brêgepop Festival, krekt as yn de rest fan Nederlân, allinne tastien foar persoanen fan 18 jier en âlder. Besikers jonger as 18 jier krije in oanpast polsbantsje om foar te kommen dat se alkoholyske dranken bestelle kinne.
Hasto in oare fraach, stel him dan gerêst fia de mail oan info@bregepop.nl.





































































%20(1).png)























