Hûsregels
Om derfoar te soargjen dat it in leuk en feilich festival wurdt, hat de organisaasje in tal hûsregels opsteld. Hjirby neame wy de hûsregels, sa't dy yn de festivaltinten, op it festivalterrein dêr omhinne en yn de neiste omjouwing hantearre wurde:
- It is jongerein ûnder de 18 jier ferbean alkohol te keapjen of te brûken
- It is net tastien alkoholyske dranken en/of tabak foar in persoan ûnder de 18 jier te bestellen.
- Yn de tinten is it ferbean om te smoken
- Parkearjen op it terrein/parkearplak is op eigen risiko.
- De organisaasje akseptearret gjin inkele oanspraaklikheid. It ferbliuw op it festivalterrein, it terrein dêr omhinne en de neiste omjouwing is op eigen risiko fan de besiker.
- De organisaasje kin bepaalde persoanen de tagong wegerje ta, of fuortstjoere fan, it plak fan it festival.
- De organisaasje hat it rjocht om it festival om grûne redenen ôf te gelasten.
- Konsumpsjemunten en yngongskaarten binne jildich foar ien festival en binne net ynwikselber foar jild.
- Besikers fan Brêgepop Festival jouwe stilswijend tastimming foar it meitsjen fan foto's en fideo's.
- De organisaasje kin net oanspraaklik steld wurde foar de lijde skea of hokker letsel dan ek dat ûntstien is oan de besiker en/of eigendommen fan de besiker. Hjirûnder falle ek stellerij en fermissing.
- It is net tastien om de folgjende saken mei te nimmen nei it festivalterrein: alkoholhâldende dranken, drugs, glêswurk, blik, plestik fleskes, slach- en/of stjitwapens, op wapens lykjende of oanstjitlike foarwerpen. It besit, it gebrûk en de hannel fan ferdôvjende middels is strang ferbean, sawol binnen as yn de direkte omjouwing fan it festivalterrein en de neiste omjouwing.
- Elke besiker moat him of har legitimearje kinne.
- Besikers wurde frege harren te hâlden oan de foarskriften en/of oanwizings fan de organisaasje en it personiel.
- It is net tastien om needútgongen as gewoane yn- en útgongen te brûken, of de organisaasje moat oars oanjûn hawwe.
- Yn alle gefallen dêr't dizze hûsregels net yn foarsjogge, sil de organisaasje of it personiel fan Brêgepop Festival maatregels nimme yn it belang fan it evenemint.





































































%20(1).png)























