Dizze algemiene betingsten fan Stichting Cultureel Scharsterbrug, statutêr fêsteige It Hiem 13, 8502CJ Joure, KvK-nûmer: 59122765, btw-nûmer: NL 8533.273.48.B01 (fierder te neamen 'de organisaasje') binne fan tapassing op oerienkomsten dy't de organisaasje slut mei besikers fan it evenemint 'Brêgepop Festival' en/of oare troch de organisaasje te organisearjen eveneminten (fierder te neamen 'it evenemint').
Kertier 1 Tapaslikens
1.1 Dizze algemiene betingsten binne fan tapassing op elke oerienkomst yn it ramt fan de besite oan it evenemint en de oankeap fan alle tagongs- en campingkaarten dêrfoar tusken de besiker fan it evenemint en de organisaasje, hoe't dy ek ta stân komt. Troch de oankeap en/of it gebrûk fan in kaart en/of it betreden fan de lokaasje fan it evenemint (dêrûnder ek de camping, fierder mei-inoar te neamen: de ‘evenemintlokaasje’), giet de besiker akkoard mei de ynhâld fan dizze algemiene betingsten.
1.2 De evenemintlokaasje kin hûsregels hantearje, dy't neist dizze algemiene betingsten jilde en op de website(s) fan de organisaasje (dêrûnder www.bregepop.nl) en/of op de evenemintlokaasje te finen binne. De besiker ferklearret him troch it keapjen fan de kaart foarôf ek akkoard mei dy hûsregels.
1.3 De organisaasje kin dizze algemiene betingsten te allen tiden hielendal of foar in part wizigje. Besikers wurde op 'e tiid fan de wizigings op 'e hichte brocht trochdat de organisaasje dit op de oanbelangjende website(s) fan de organisaasje melde sil. As de besiker de organisaasje net binnen 10 (tsien) wurkdagen skriftlik witte lit him op grûn fan ridlikens en billikens net yn de wizigings fine te kinnen, wurdt de besiker achte akkoard te wêzen mei de wizigings. 1.4 De nulens fan hokker bepaling fan dizze algemiene betingsten ek tast de jildichheid fan de oare bepalings net oan.
Kertier 2 Oankeap kaarten
2.1 De oerienkomst tusken de organisaasje en besiker foar de oankeap fan kaarten komt ta stân neidat in bestelling foar ien of mear kaarten pleatst is by (in troch) de organisaasje (ynskeakele (foar)ferkeapadres).
2.2 In pleatste bestelling is ûnherroplik en de besiker kin de oerienkomst nei dat momint net wizigje. De organisaasje hâldt him te allen tiden it rjocht foar om bestellings te wegerjen, of dêr oanfoljende betingsten oan te stellen.
2.3 Ynformaasje, lykas meidielingen en priisopjeften, oangeande it evenemint en/of kaarten wurdt sa sekuer mooglik (wer)jûn of ferstrekt. Troch bykommende kosten fan bygelyks reservearring, betelling en/of besoarging kinne prizen foar kaarten heger lizze as de troch de organisaasje op de kaarten printe prizen. De organisaasje akseptearret gjin oanspraaklikheid foar eventuele ûnkrektens of ûnfolsleinens yn de hjirfoar bedoelde ferstrekte ynformaasje.
Kertier 3 Kaarten en tagong
3.1 De besiker moat by it betreden fan de evenemintlokaasje beskikke oer in jildige kaart en oer in jildich legitimaasjebewiis. Besikers krije by oankomst by it evenemint tsjin ynlevering fan de kaart in polsbantsje. Dit polsbantsje moat de hiele doer fan it evenemint om de pols droegen wurde, mei net ôfdien wurde of fan drager wikselje. Op earste fersyk fan meiwurkers fan de organisaasje, de evenemintlokaasje, befeiligingspersoniel, plysje en/of oar foechhawwend gesach moat it polsbantsje sjen litten wurde.
3.2 In kaart wurdt ien kear oan de besiker ferstrekt en jout allinne de hâlder fan de kaart (ien kear) tagong ta it evenemint en de evenemintlokaasje.
3.3 Eventix (eventix.nl) is de eksklusive, troch de organisaasje ynskeakele ticketingprovider. Kaarten binne allinne te krijen op de website(s) fan de organisaasje, de ticketingprovider(s) en de offisjele ferkeappunten fan de ticketingproviders. Allinne oankeap by in erkend foarferkeapadres garandearret de jildichheid fan de kaart. De bewiislêst dêroer leit by de besiker.
3.4 De kaarten wurde op syn minst 7 dagen foar it begjin fan it evenemint nei de besiker stjoerd, mits de keappriis foar de kaarten betelle is. Nei ûntfangst fan de bestelde kaarten moat de besiker dy kontrolearje op krektens. As de oankochte kaarten troch de oanbelangjende besiker net op 'e tiid ûntfongen binne, of as der gebreken of flaters yn de kaarten konstatearre wurde, dan moat de besiker skriftlik (per brief of e-mail) kontakt opnimme mei de organisaasje. As in kaart bestiet út in troch of fanwegen de organisaasje ferstrekte barcode, dy't fia elektroanyske kommunikaasje (bygelyks e-mail) oan de besiker ferstrekt wurdt, moat de besiker derfoar soargje dat dizze kaart werklik en op in feilige wize fia elektroanyske kommunikaasje ferstrekt wurde kin. De organisaasje garandearret noch de fertroulikens noch de ûntfangst fan de kaart.
3.5 De kaarten binne en bliuwe eigendom fan de organisaasje. Fan it momint ôf dat de kaart oan de besiker beskikber steld is, leit by de besiker it risiko fan ferlies, stellerij, skea of misbrûk dêrfan. De organisaasje akseptearret gjin inkele oanspraaklikheid foar ferlies of skea fan kaarten troch hokker oarsaak dan ek. As de organisaasje troch de besiker frege wurdt om ferfangende kaarten, is de organisaasje rjochtige dat te wegerjen of dêr kosten foar yn rekken te bringen.
3.6 It is de besiker net tastien om de kaarten foar kommersjele doelen (wer) te ferkeapjen of te ferstrekken oan tredden of yn kommersjele uterings te ferwizen nei de kaarten.
3.7 As de besiker syn kaart om 'e nocht en net foar kommersjele doelen oan tredden beskikber stelt, is de besiker yn dat gefal hâlden om al syn ferplichtings út de oerienkomst mei de organisaasje of dizze algemiene betingsten ûnferminderd op te lizzen oan dy tredden. De besiker stiet derfoar yn dat neamde tredden alle ferplichtings neikomme (sille).
Kertier 4 Oanspraaklikheid
4.1 Besikers betrede de evenemintlokaasje en wenje it evenemint by op eigen risiko. De organisaasje is net oanspraaklik foar ferlies fan, stellerij fan en/of skea oan besittings fan besikers.
4.2 De organisaasje is net ferantwurdlik of oanspraaklik foar hokker skea dan ek as gefolch fan de annulearring, wizigings of ôfwikings yn (de ynhâld fan) it programma fan it evenemint, noch foar hokker oare skea dan ek, út hokker oarsaak dan ek, dy't direkt of yndirekt it gefolch is fan hanneljen of neilitten fan de organisaasje en/of de evenemintlokaasje, fan persoanen yn (ien fan) harren tsjinst, of fan oare persoanen dy't troch of fanwegen (ien fan) harren oan it wurk set binne, of fan tredden, ûnder it evenemint of yn ferbân mei it ferbliuw op de evenemintlokaasje, útsein as de skea it gefolch is fan opsetsin of grouwe skuld fan de organisaasje.
4.3 As en foar safier't de organisaasje nettsjinsteande it foargeande tsjinoer de besiker op hokker grûn ek oanspraaklik wêze mocht foar hokker troch de besiker lijde skea dan ek, dan is dy oanspraaklikheid te allen tiden beheind ta direkte – en dus gjin yndirekte of immateriële – skea oant it bedrach dat neffens de wetlike oanspraaklikheidsfersekering fan de organisaasje útkeard wurde sil, en allinne as se dêr wetlik ta hâlden is. De organisaasje is yn sa'n gefal ek allinne oanspraaklik as de besiker de organisaasje fuortendaliks skriftlik op 'e hichte bringt fan it tekoartsjitten, wêrby't ek in ridlike termyn steld wurdt om alsnoch oan de ferplichting te foldwaan en as de organisaasje ek nei dy yngebrekestelling tekoart sjitten bliuwt yn it neikommen fan dy ferplichting.
4.4 De besiker is der fan op 'e hichte dat der ûnder it evenemint hurde muzyk te hearren is. De organisaasje advisearret besikers om gehoarbeskerming te dragen en om geregeld nei in omjouwing te gean dêr't gjin muzyk te hearren is om it gehoar rêst te gunnen. Konvenant gehoarbeskerming ynfoegje.
Kertier 5 Annulearring of ferpleatsing evenemint
5.1 De organisaasje kin it evenemint ferskowe nei in oare datum of in oare lokaasje of sels annulearje as der sprake is fan oermacht. ‘Oermacht’ moat yn dat ramt rom opfette wurde en omfettet ûnder oare sykte en/of ôfsizzing fan de artyst(en), stakings, brân, minne waarsomstannichheden ensfh.
Kertier 6 Oermacht
6.1 Yn gefal fan Oermacht hat de Organisator it rjocht om it Evenemint 1) te ferpleatsen nei in oare datum of 2) ôf te gelasten.
6.2 As de Organisator it Evenemint yn gefal fan Oermacht ferpleatst nei in oare datum, dan is it Tagongsbewiis jildich foar dy oare (nije) datum. As de Besiker it Evenemint op de nije datum net besykje kin of wol, dan hat de Besiker nei ynlevering fan in jildich en ûnskansearre Tagongsbewiis rjocht op weromjilde fan de yngongspriis (eksklusyf tsjinstkosten) sa't dy op it Tagongsbewiis neamd stiet, en by it ûntbrekken dêrfan de yngongspriis dy't de Besiker betelle hat oan in offisjele ferkeaporganisaasje (eksklusyf tsjinstkosten). Dit rjocht op weromjilde fan de Besiker bestiet fjouwer wiken lang, te rekkenjen fan de nije datum ôf dêr't it Evenemint op plakfine sil. Mocht it Evenemint ferfroege wurde, dan bestiet it rjocht op weromjilde fan de Besiker fjouwer wiken lang, te rekkenjen fan de oarspronklike datum ôf dêr't it Evenemint op plakfine soe. Tsjinstkosten binne net ynbegrepen by weromjilde en eventuele oare skea wurdt net fergoede. De Besiker kin gjin oanspraak meitsje op tagong ta in oar en / of ferfangend Evenemint.
6.3 As de Organisator it Evenemint yn gefal fan Oermacht ôfgelast foardat it Evenemint begûn is, dan is de Organisator allinne hâlden om de Besiker de yngongspriis werom te beteljen dy't op it Tagongsbewiis neamd stiet (eksklusyf tsjinstkosten), en by it ûntbrekken dêrfan de yngongspriis dy't de Besiker betelle hat oan in offisjele ferkeaporganisaasje (eksklusyf tsjinstkosten). Dit rjocht op weromjilde fan de Besiker bestiet tolve wiken lang, te rekkenjen fan de datum ôf dêr't it Evenemint op plakfine soe, nei ynlevering fan in jildich en ûnskansearre Tagongsbewiis. Tsjinstkosten binne net ynbegrepen by weromjilde en eventuele oare skea wurdt net fergoede. Om misferstannen foar te kommen jildt it foargeande net as de Organisator it Evenemint yn gefal fan Oermacht ôfgelast ûnder it Evenemint (dat wol sizze: neidat it Evenemint begûn is). De Besiker kin yn gjin gefal oanspraak meitsje op tagong ta in oar en/of ferfangend Evenemint.
Kertier 7 Hûsregels
7.1 Besikers moatte harren hâlde oan de hûsregels en de foarskriften en oanwizings fan de organisaasje en foechhawwende ynstânsjes. As de organisaasje dit ridlikerwize nedich achtet foar it hanthavenjen fan de rêst en oarder ûnder it evenemint, yn elts gefal as de iepenbiere oarder of feiligens ûnder it evenemint yn gefaar komt, hat se it rjocht de besiker de (fierdere) tagong ta it evenemint te ûntsizzen en/of fan de evenemintlokaasje te ferwiderjen.6.2 Persoanen jonger as 16 jier krije allinne tagong as se begelaat wurde troch in persoan fan 18 jier of âlder.
7.2 It polsbantsje dat by oankomst by it evenemint tsjin ynlevering fan de kaart krigen wurdt, moat de hiele doer fan it evenemint om de pols droegen wurde. In polsbantsje dat net om de pols droegen wurdt, jout gjin tagong ta it evenemint.
7.3 Om de organisaasje yn steat te stellen om te foldwaan oan har wetlike ferplichtings, moatte besikers harren op fersyk identifisearje kinne. Dit jildt ûnder oare yn it ramt fan de Drank- en Horecawetjouwing, dêr't út folget dat oan besikers ûnder de 18 jier gjin alkohol skonken wurdt. By binnenkomst krije persoanen ûnder de 18 jier in apart polsbantsje. De organisaasje hâldt it rjocht foar om gjin alkohol te skinken oan in klant dy't wol âld genôch is om alkohol te keapjen, mar mei freonen komt dy't noch gjin 18 binne, wylst dúdlik is dat de alkohol ek foar harren bedoeld is.
7.4 By it betreden fan it evenemint wurdt de besiker fouillearre. De besiker dy't wegeret him fouillearje te litten, kin de tagong ta it evenemint wegere wurde.
7.5 Digitale kamera's en telefoans mei kamera meie mei it festivalterrein op; (digitale) fideokamera's/camcorders en oare (lûds)opnameapparatuer binne net tastien.
7.6 Registraasje fan it evenemint sûnder útdruklike foarôfgeande skriftlike tastimming fan de organisaasje yn hokker foarm dan ek, dêrûnder begrepen it profesjoneel fotografearjen, filmjen en it meitsjen fan lûds- en/of byldopnamen foar kommersjele doelen, is ferbean, likegoed as neiprintsjen fan en/of oernimmen út it programma(boekje), posters en oar printwurk.
7.7 Fierder binne de folgjende saken net tastien op it festivalterrein: iten, glêswurk, plestik fleskes (0,5 liter fleskes sûnder dop meie wol), bidons, blik, camelbaks, hûsdieren, (klap)stuollen, krukjes, opblaasbere objekten, paraplu's en parasols, selfiesticks, drugs, fjoerwurk, (fjoer)wapens, gefaarlike foarwerpen en profesjonele foto-, film- en oare opnameapparatuer. Oft der sprake is fan profesjonele apparatuer, is allinne ta it oardiel fan de organisaasje. De organisaasje sil net tastiene saken by de yngong yn beslach nimme (litte). Legale weardefolle saken kinne letter ophelle wurde. Yllegale saken wurde oan de plysje oerdroegen.
7.8 Smoken is net tastien yn tinten en (tydlike) gebouwen, útsein eventuele dêrfoar bestimde smookromten. Eventuele boetes dy't de organisaasje oplein krijt as gefolch fan de oertrêding troch de besiker, wurde op de besiker ferhelle.
7.9 It is net tastien om ûnder it evenemint (hûs)dieren mei te nimmen. It is fierder net tastien om op it terrein te crowdsurfen, fjoer(kes) te meitsjen en/of kommersjele aktiviteiten út te fieren, en/of him op hokker wize ek oanstjitlik, diskriminearjend of beledigjend út te litten of sokke tekens te dragen of te fersprieden. It dragen fan fuotbalshirts, motorklubklean en oare klean mei groepskenmerkjende teksten is net tastien.
Kertier 8 Betelynstruminten ûnder it evenemint
8.1 Foar de betelling fan konsumpsjes ûnder it evenemint moatte besikers gebrûk meitsje fan de dêrfoar bestimde munten (fierder te neamen: de ’betelynstruminten’) dy't troch de organisaasje beskikber steld wurde. Mei de betelynstruminten kinne besikers allinne betelje foar iten en drinken (konsumpsjes) en (merchandise)produkten ûnder it evenemint op de evenemintlokaasje, oanbean troch de cateraars, merchandise- en merkferkeapers sa't dy troch de organisaasje oanwiisd binne.
8.2 De betelynstruminten binne te krijen by de kassa's op de evenemintlokaasje.
8.3 It net bestege tegoed dat op it betelynstrumint stiet, kin net weromjûn wurde.
8.4 It tegoed op it betelynstrumint ferfalt automatysk nei ôfrin fan it evenemint. It tegoed op in polsbantsje is allinne jildich as it om de pols droegen wurdt.
8.5 De besiker dy't troch de organisaasje yn it besit steld is fan in betelynstrumint, moat misbrûk of gebrûk troch tredden fan it betelynstrumint foarkomme. Yn gefal fan ferlies of stellerij komt it risiko fan gebrûk of misbrûk tusken it momint fan ferlies fan de feitlike beskikking oer it betelynstrumint en it momint fan it blokkearjen allinne foar rekken fan de besiker. De organisaasje is net oanspraaklik foar hokker skea dan ek as gefolch fan ferlies of stellerij fan betelynstruminten.
8.6 By steuringen, ûnderhâldswurksumheden en/of befeiligingsmaatregels kin it nedich wêze dat de organisaasje it gebrûk fan de betelynstruminten stopet of beheint. De organisaasje is net oanspraaklik foar de gefolgen dêrfan.
Kertier 9 Privacy en persoansgegevens
9.1 Troch it sluten fan in oerienkomst mei de organisaasje kinne (persoans)gegevens fan de besiker sammele, fêstlein en opslein wurde yn in gegevensbestân.
9.2 De organisaasje giet soarchfâldich om mei de krigen (persoans)gegevens en ferwurket dy allinne neffens de Wet Bescherming Persoonsgegevens.
9.3 By it sluten fan de oerienkomst mei de organisaasje jout de besiker útdruklik tastimming foar it ferwurkjen fan (persoans)gegevens neffens it privacybelied fan de organisaasje.
9.4 Mooglik wurde der byld- en/of lûdsopnamen makke fan it evenemint en de besikers en wurde opnamen iepenbier makke of fermannichfâldige. De besiker jout sûnder betingsten tastimming foar it meitsjen fan neamde opnamen en de eksploitaasje dêrfan, sûnder dat de organisaasje of tredden de besiker in fergoeding skuldich is of wêze sil. In eventueel neistlizzend- en/of auteurs- en/of portretrjocht draacht de besiker hjirby en sûnder hokker beheining ek oer oan de organisaasje. Fierder docht de besiker ûnherroplik ôfstân fan it rjocht om in berop te dwaan op syn/har persoanlikheidsrjochten.
9.5 As der ûnder it evenemint (byld)opnamen makke wurde mei befeiligingskamera's, kin de organisaasje dy yn gefal fan kalamiteiten oan tredden, dêrûnder ek plysje en justýsje, ôfstean.
Kertier 10 Slotbepalings
10.1 Op dizze algemiene betingsten is allinne Nederlânsk rjocht fan tapassing.
10.2 Eventuele skeel, fan hokker aard dan ek, dy't tusken in besiker en de organisaasje ûntstiet nei oanlieding fan (it gebrûk of de tapassing fan) dizze algemiene betingsten en/of oerienkomsten dy't dêrmei gearhingje, wurdt allinne foarlein oan de foechhawwende rjochter yn Ljouwert.





































































%20(1).png)























