Brêgepop Festival (hjirnei: it evenemint) wurdt organisearre troch Stichting Cultureel Scharsterbrug, statutêr fêstige oan It Hiem 13, 8502 CJ Joure (KvK-nûmer: 59122765, btw-nûmer: NL 8533.273.48.B01), fierder te neamen 'de organisaasje'. De organisaasje respektearret de privacy fan har klanten en fan alle besikers fan de website bregepop.nl of bregepopfestival.nl (hjirnei: de website) en/of it evenemint (hjirnei mei-inoar: de besikers). De organisaasje soarget derfoar dat de persoanlike gegevens fertroulik behannele wurde. Persoanlike gegevens wurde ferwurke neffens de wetlike bepalings sa't de Wet Bescherming Persoonsgegevens dy foarskriuwt.
Tapaslikens
Yn dizze privacyferklearring wurdt ynformaasje jûn oer it ferwurkjen fan persoansgegevens troch de organisaasje. Dy hat allinne betrekking op it gebrûk fan persoansgegevens fan besikers fan de website en/of it evenemint.
Dizze privacyferklearring is net fan tapassing op de websites fan oare tredden dy't de organisaasje op de website of yn har mailings mei in hyperlink oanbiedt. Besjoch foar it privacybelied fan dy tredden de oanbelangjende websites.
Hokker persoansgegevens brûkt Brêgepop Festival?
By de oankeap fan kaarten foar it evenemint kin de besiker (al of net troch de oanbelangjende (foar)ferkeaporganisaasje) frege wurde om persoansgegevens, lykas namme, (e-mail)adres en telefoannûmer. Dy gegevens krijt de organisaasje dan fan de (foar)ferkeaporganisaasje.
Dêrneist kin de organisaasje persoansgegevens fan besikers brûke, lykas bygelyks namme, (e-mail)adres en telefoannûmer, dy't se streekrjocht fan besikers krijt yn ferbân mei bestellings dy't fia de website by de organisaasje pleatst binne. Ek kin de organisaasje surfgegevens (dêrûnder IP-adres, datum en tiid fan besite oan de website) krije fan besikers fan de website.
Om in betelynstrumint dat foar it evenemint fan de organisaasje krigen is, lykas in polsbantsje of betelpas dêr't ûnder it evenemint konsumpsjes mei betelle wurde kinne, registrearje te litten, wurdt de besiker frege om in e-mailadres en wachtwurd op te jaan. Om by ferlies of stellerij it rêsterjende tegoed dat de besiker op in registrearre betelynstrumint set hat werom te stoarten, wurdt de besiker frege om gegevens lykas namme, e-mailadres, bankrekkennûmer en telefoannûmer, en is ynsjoch yn in jildich legitimaasjebewiis fan de besiker nedich.
Wêrfoar wurde dyn persoansgegevens brûkt?
De organisaasje brûkt de gegevens yn earste ynstânsje om de oerienkomsten mei besikers sa goed mooglik út te fieren en foar de ynterne administraasje.
Mear spesifyk kin de organisaasje persoansgegevens sammelje en brûke:
- Foar it ferstjoeren fan de by de organisaasje kochte kaarten of produkten oan de krekte persoan;
- Om in betelynstrumint dat de besiker by de organisaasje oanskaft hat, allinne as de besiker dêr sels foar kiest, oan de besiker te keppeljen, sadat it betelynstrumint by ferlies of stellerij blokkearre wurde kin;
- Om (eventueel) rêsterjend tegoed op in betelynstrumint dat de besiker fan de organisaasje krigen hat, allinne as de besiker dêr sels foar kiest, by ferlies of stellerij oan de besiker werom te beteljen, en om yn dat ferbân feiligensmaatregels te nimmen en fraude safolle mooglik foar te kommen;
- Om besikers, bygelyks fia in nijsbrief, te ynformearjen (of ynformearje te litten) oer wizigings oangeande kaarten en/of oer konserten en eveneminten dy't de organisaasje organisearret;
- Foar it oangean, ûnderhâlden en ferbetterjen fan de kontraktuele relaasje mei har (potinsjele) klanten, of foar it ferbetterjen fan de tsjinsten en produkten; en/of
- Foar it tapassen en útfieren fan wetlike ferplichtings.
De gegevens wurde net foar oare doelen brûkt as wat hjirboppe beskreaun stiet.
De organisaasje sil sûnder de útdruklike tastimming fan de besiker gjin gegevens oan tredden ferstrekke, útsein as dat nedich is om de oerienkomst mei de besiker út te fieren, bygelyks foar it ferstjoeren fan kaarten of it ferbetterjen fan de tsjinsten en produkten, of as se dêr wetlik ta ferplichte is.
De organisaasje hat de mooglikheid om nijsbrieven per e-mail te ferstjoeren. Underoan elke nijsbrief dy'tst fan de organisaasje krigest, kinsto dy dêrfoar ôfmelde. Ast dy ôfmeldst, krigest gjin nijsbrieven mei ynformaasje mear.
Eventuele reservekopyen fan de opsleine gegevens dy't de organisaasje makket foar it optimaal funksjonearjen fan de systemen, wurde allinne brûkt om de systemen by in steuring te herstellen.
Surfgegevens en klikgedrach
Surfgegevens dy't de organisaasje sammelet, kinne opslein en brûkt wurde om de besite oan en it gebrûk fan de website statistysk te analysearjen en te optimalisearjen.
Surfgegevens wurde (foar safier mooglik) anonimisearre. Allinne anonimisearre gegevens kinne trochjûn wurde oan tredden, lykas Google Analytics.
Cookies en Google Analytics
De organisaasje hâldt him it rjocht foar om, krekt as de measte websites, ynformaasje te sammeljen mei saneamde “cookies” om it navigearjen op de website makliker te meitsjen. Cookies binne lytse stikjes ynformaasje (bestantsjes) dy't in website op in kompjoeter efterlit. De website jout de webbrowser dêr't de website mei besjoen wurdt (bygelyks Internet Explorer) opdracht om dy cookies op de kompjoeter op te slaan. Fia de ynstellings fan de webbrowser kinne cookies útskeakele wurde.
De organisaasje brûkt Google Analytics om ynsjoch te krijen yn it gebrûk fan de website. Allinne om gebrûk te meitsjen fan dizze tsjinst fan Google, wurdt dy ynformaasje, ynklusyf IP-adres, oan Google ferstrekt.
Fia de website wurde ek cookies fan Google pleatst yn it ramt fan de tsjinst Google Analytics. De organisaasje hat gjin ynfloed op wat Google mei de op dizze wize krigen ynformaasje docht.
Sosjale netwurken
Op de website steane knoppen dy't keppele binne oan sosjale netwurken lykas Twitter, Instagram, YouTube en Facebook. Fia dy knoppen kinne de oanbelangjende sosjale netwurken cookies pleatse. De oanbelangjende sosjale netwurken binne ferantwurdlik foar it gebrûk en it ferstrekken fan gegevens dy't op dizze wize brûkt wurde. Dêrfoar binne de privacyferklearrings fan de oanbelangjende sosjale netwurken fan tapassing.
Bewartermyn
De organisaasje bewarret persoansgegevens net langer as nedich foar it útfieren fan de oerienkomsten en yn elts gefal net langer as twa jier neidat de oerienkomst beëinige is, útsein as dat nedich is om te foldwaan oan in wetlike bewarplicht.
Ynsjoch en korreksje
Besikers kinne de organisaasje fia it e-mailadres info@bregepop.nl skriftlik freegje om ynsjoch yn, korreksje en/of fuortheljen fan har (persoans)gegevens. Op skriftlik fersyk wurde eventuele korreksjes ferwurke. De besiker moat derfoar soargje dat de organisaasje oer de krekte persoansgegevens beskikt.
Wizigings
De organisaasje hâldt him it rjocht foar om wizigings oan te bringen yn dizze privacyferklearring. De besikers wurde advisearre om geregeld it privacybelied te besjen op wizigings. As dy wizigings wêzentlik binne, sil de organisaasje de besikers dêr dúdlik fan op 'e hichte bringe.
Ast nei it lêsen fan dizze privacyferklearring dochs noch fragen en/of opmerkings hast, lit it ús dan witte fia info@bregepop.nl.





































































%20(1).png)























