line-up
timetables
informatie
nieuws
sponsors
contact
tickets
line-up
tiidskema
nijs
ynformaasje
sponsors
kaarten
Dutch flag
Frisian flag

De folsleine line up fan Bregepop is bekend

February 25, 2026

Brêgepop pakt út mei yndrukwekkende line-up fan goed 80 artysten

De spanning ûnder de trouwe Brêgepopbesikers wie de ôfrûne wiken te fernimmen. Hoewol’t de organisaasje al earder in tal grutte nammen bekendmakke, waard der o sa útsjoen nei it folsleine programma. Fia sosjale media waard oankundige dat der dizze wike ‘breaking news’ folgje soe en woansdeitejûn op ’e klokslach fan 20.00 oere wie it safier. It lange wachtsjen bliek mear as de muoite wurdich.


Yn april steane op it festivalterrein yn Skarsterbrêge ûnder oaren Kensington, Suzan & Freek, De Jeugd van Tegenwoordig, La Fuente, Douwe Bob, Jan Smit Live, De Kast, Samuel Welten, Emma Heesters, Russo en Charly Lownoise op it poadium, oanfolle mei tal fan oare bands en artysten. De organisaasje is sichtber grutsk op it einresultaat. “Wy hawwe op ’e nij in hiele brede line-up gearstald. De kombinaasje fan lanlik bekende artysten en regionaal talint past presys by wêr’t Brêgepop foar stiet: “in festival foar elkenien,” seit de organisaasje.


It programma lit him net yn ien muzykstyl fange. Fan Nederlânsktalich en rock oant dance, hardstyle, tribute en Top 40: troch de ferskillende area’s is der foar elke besiker wat te belibjen. “It is alle jierren in flinke puzel, mar wy binne bliid dat it ek diskear wer slagge is om dy brede programmearring del te setten.”


Romte foar nij talint

Ek jong en opkommend talint krijt folop kânsen op Brêgepop. Yn ’e Talentstage-area stride dit jier ûnder oaren Aftrall, The Tomcats, The Four Roses, Twinkling Tears en Traxx om in fûl begeard plak op ’e Livestage yn 2027. “Wy biede dizze bands in profesjoneel poadium, mei goede apparatuer en de kâns om weardefolle poadiumûnderfining op te dwaan,” ferdúdlikt de organisaasje.

Droegen troch frijwilligers en sponsors

Achter de skermen wurdt ûnderwilens hurd nei it festivalwykein ta wurke. Sa’n 500 frijwilligers soargje foar de realisaasje fan Brêgepop. “Wy hawwe in grutte groep entûsjaste frijwilligers dêr’t wy op bouwe kinne en binne al moannenlang yn oerlis mei de fêste kearn om it festival fernijen te bliuwen. Tanksij har én ús sponsors kinne wy elk jier wer ien fan ’e moaiste festivals fan Fryslân delsette.” Neist muzyk spylje ek sfear en belibbing in belangrike rol. “En dêr ha wy dit jier noch in tal ferrassingen foar yn it fet.”

‍

Kaartferkeap yn rekôrtempo

Dat Brêgepop populêrder is as ea, docht bliken út ’e kaartferkeap. Mear as de helte fan ’e tickets is yntusken ferkocht. “Ferline jier wie de snein as earste útferkocht, folge troch de sneon. Dit jier sjogge wy dat de ferkeap op alle dagen hurder giet as ea. It is moai om te sjen dat de belangstelling groeien bliuwt.” Wa't it festival net misse wol, docht der goed oan net te lang te wachtsjen mei it oanskaffen fan kaarten fia de webside fan Bregepop.

‍

‍

meer nieuws

September 7, 2026
Rabobank Clubactie
April 11, 2026
Fenna Ramos vervangt Job Dutchtuber
April 9, 2026
Belangrijke info zondag 12 april!
naar nieuwsoverzicht
Hollandiastraat
Scharsterbrug - Friesland
line-upnieuwsinformatiebusvervoersponsors
ticketstimetablescontacttijdschemaplattegrondhuisregelsvrijwilligers
volg ons
© 2015-2024 Brêgepop Festival
Algemene voorwaarden  /  Disclaimer  /  Privacyverklaring
BIKE totaal
Zwanenburg
HolidayIce
MR Farmer
Sonnema
Bax tegels
Schaap de With
Richard Jellesma
Dox Imagemakers
Mcdonalds
Zocon
Vreugdenhil
Regts
Morssinkhof Groep
Martien Visser
BIKE totaal
Zwanenburg
HolidayIce
MR Farmer
Sonnema
Bax tegels
Schaap de With
Richard Jellesma
Dox Imagemakers
Mcdonalds
Zocon
Vreugdenhil
Regts
Morssinkhof Groep
BIKE totaal
Zwanenburg
HolidayIce
MR Farmer
Sonnema
Bax tegels
Schaap de With
Richard Jellesma
Dox Imagemakers
Mcdonalds
Zocon
Vreugdenhil
Regts
Morssinkhof Groep
Martien Visser
Future fuels
MB autoverhuur
Snakeware
Autoschade Van Kalsbeek
Circufair.nl goedkope kantoor artikelen
Stichting Hervitas
Boerenshot
Verkeersschool Valkema Joure
Bromach B.V. Gorredijk
MHB
JNW de Toekomst
Piersma Vloeren
Luxe wagen
Dam Beton